Scooter brânt út by Ljouwerter flat

25 feb 2016 - 07:45

De brânwacht fan Ljouwert is tongersdeitenacht útrukt foar in scooterbrân yn de Van Wageningenstrjitte. Omdat de scooter tichtby in flat stie, waard earst tocht oan in wenningbrân. De brânwacht hie it fjoer gau ûnder kontrôle mar koe net foarkomme dat de scooter hielendal útbaarnde. De oarsaak fan de brân is net dúdlik.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)