"Dioksine-útstjit fan de REC moat kontinu metten wurde"

24 feb 2016 - 23:25

De dioksine-útstjit fan de REC yn Harns moat kontinu metten wurde. In moasje fan de Wad'n Partij, GrienLinks en PvdA wêryn't om dizze mjittings frege waard, krige woansdeitejûn riedsbrede stipe fan de gemeenteried yn Harns. In moasje fan CDA en PvdA dy't ôffalferwurker Omrin opropt om gjin beswier oan te tekenjen tsjin de troch de provinsje opleine twangsom waard ek unanym oannaam.

Moasjes dêr't yn frege waard om it ûntslach fan de direksje fan Omrin en it ferheegjen fan de piip by de ôffaloven, hellen it net.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)