Kampanje Oekraïne-referindum falt yn wetter

24 feb 2016 - 23:03

It begjin fan de kampanje fan de beweging Vrede en Recht oer it assosjaasjeferdrach mei Oekraïne is aardich yn it wetter fallen. De beweging woe yn de binnenstêd fan Ljouwert flyerje mar hie gjin fergunning. De oanfraach wie te let dien.

Vrede en Recht wol de kommende wiken troch Nederlân reizgje om minsken op te roppen tsjin te stimmen. Neffens in wurdfierder betsjut in ja-stim dat we de boargeroarloch yn Oekraïne oanwakkerje.

Tongersdei is it de bedoeling dat de bus op It Hearrenfean stoppet. Ek dêr hat de beweging noch gjin fergunning kigen om te flyerjen. Freed wolle se yn Snits de strjitte op.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)