Simon IJzerman komt nei Harkemase Boys

Simon IJzerman © PWFoto.nl
Simon IJzerman spilet takom seizoen foar Harkemase Boys. De 24-jarige fuotballer kin op it middenfjild en yn de ferdigening út 'e fuotten. Hy komt fan sneinstopklasser WKE út Emmen. Yn syn jeugd spile er by FC Emmen en PEC Zwolle. Yn Zwolle siet er twa seizoenen by de A-seleksje, mar hy keas foar de stúdzje fysioterapy en spyljen by WKE.
Ferdigener Sander van Dijken giet nei twa seizoenen op De Bosk fuort. Hy spile oant no ta 29 offisjele wedstriden foar Harkemase Boys.
Ambysje
"Harkemase Boys is een mooie club met veel sfeer en ambitie", seit IJzerman. "Bovendien er is de laatste periode veel onrust bij WKE. Dat gaat ten koste van de focus op mijn studie. Ik hoop in Harkema mijn steentje bij te kunnen dragen."