Omwenners akwadukt wolle kompensaasje foar oerlêst

24 feb 2016 - 21:50

Omwenners fan it akwadukt dat yn de Drachtsterwei yn Ljouwert oanlein wurdt, wolle kompensearre wurde foar de oerlêst. Dat seinen se by in ynformaasjegearkomste fan de provinsje dy't woansdeitejûn yn tsjerke De Oase wie. Inkele hûnderten minsken lieten har dêr byprate oer de lêste ûntwikkelings.

Tiisdei waard dúdlik dat op 'e nij heid wurde moat. In part fan de grûnankers oan de noardside moat ferfongen wurde. De fertraging wurdt rûsd op sa'n fjouwer moannen. Omwenners bale dêr flink fan.

Hotel

It wurdt de tredde simmer op rige dat se midden yn in bouput sitte. Guon omwenners fine ek dat se net goed heard wurde. Se fine dat de gemeente of provinsje wolris faker delkomme mei om te hearren hoe't it giet.

Deputearre Sietske Poepjes sei ta dat der mear omtinken komt foar de omwenners. As kompensaasje wol se minsken dy't by drokke wurksumheden in soad oerlêst ha ûnderbringe yn in hotel. Dat is net ûngebrûklik by dit soarte fan wurk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)