Koade giel: KNMI warskôget foar glêdens

© Omrop Fryslân
It KNMI hat koade giel ôfjûn foar glêdens. De waartsjinst warskôget dat it tongersdeitemoarn glêd wêze kin. Automobilisten wurde warskôge foar befriezing fan wiete diken en winterske buien.
Gemeenten, provinsjale en rykswettersteat struie tongersdeitemoarn yn ferbân mei glêdens. De plysje warskôget ek foar glêdens en jout oan dat bestjoerders harren snelhyd oanpasse moatte.