Tachtich demonstranten yn Feanwâlden tsjin needopfang

De demonstraasje tsjin de needopfang yn Feanwâlden luts woansdeitejûn sa'n tachtich minsken. De demonstranten kamen foar in part út it doarp, mar der wiene ek sympatisanten út oare plakken yn Fryslân. Se rûnen fan it sintrum nei de sporthal, dêr't de ynformaasjegearkomste oer de needopfang hâlden waard.
De demonstranten mochten der net yn fan Sicko Heldoorn, boargemaster fan Dantumadiel. De gearkomste wie neffens him bedoeld foar minsken dy't ynformearre wurde woene en net foar demonstranten.
Geen azc
De demonstranten skandearren "Geen azc". Heldoorn hat bûten de sporthal wol eefkes mei de demonstranten praat. Hy wiisde dizze minsken der op dat it net om in azc giet, mar om in needopfang. Der soene maksimaal 300 flechtlingen opfongen wurde, foar maksimaal trije jier. De gemeenteried nimt op 5 april in beslút.
Boargemaster Sicko Heldoorn wie goed te sprekken oer it ferrin fan de byienkomst yn Feanwâlden. De byienkomst wie yn de strang befeilige sporthal. Minsken koene yn lytse groepkes fragen stelle oan Heldoorn sels, oan wethâlder Roelof Bos of oan in meiwurker fan de gemeente. Ek de plysje en meiwurkers fan Vluchtelingenwerk wiene beskikber foar fragen. Op de ynformaasjebyienkomst uteren in soad minsken harren soargen oer de needopfang.