UWV hâldt banemerk foar wurkleazen

It giet wer better mei de ekonomy yn Fryslân, mar dochs sitte noch in hiel soad minsken thús sûnder baan. Yn jannewaris krigen sa'n 22.000 Friezen in WW-útkearing. Dat is neffens sifers fan it UWV wol minder as it jier derfoar. It UWV hie woansdei in banemerk yn Ljouwert organisearre. Goed 800 minsken kamen nei dy merk yn it Friesland College.
Klaas Strampel út Ljouwert besocht de banemerk ek. Hy hat sûnt desimber gjin baan mear, mar hat gjin hoop om op de merk wurk te finen. Hy tinkt fierder te kommen mei konneksjes fan famylje en freonen.
Speeddate
Neffens Jan Huygen fan it UWV moat in wurkleaze him of har goed kenber meitsje sawol op social media kanalen as by de ferskillende arbeidsburo's. ''En bij de banenmarkt kun je gaan speeddaten met allerlei arbeidsbureau's. Zo kun je zelf uitzoeken bij welk bureau je je prettig voelt en waar jij denkt dat je de meeste kansen op een nieuwe baan hebt in de sector die bij jou past'', seit Huygen fan it UWV. Neffens him sykje wurkjouwers benammen nei minsken foar yn de technyk, soarch en detailhannel.
As je gjin baan fine kinne yn de sektor dêr't je foar leard hawwe, is der in kâns dat je in oar diploma helje moatte of earst staazje rinne moatte by it plak dêr't je wurkje wolle, seit Huygen. ''Of als je echt niks kan vinden in Friesland kun je ook verder gaan zoeken in andere plekken in het land''.