PvdD: "Konsumint moat mear foar molke betelje"

De Nederlânske Melkfeehâlderij feroarsaket foar mear as 2 miljard euro oan skea, dy't de maatskippij betelje moat. Dat docht bliken út it rapport 'De Echte Prijs van Melk' dat yn opdracht fan ûnder oare de Partij voor de Dieren yn Fryslân makke is. Sa moat de maatskippij opdraaie foar bygelyks skea oan diken troch swier lânbouferkear, boaiemdelgong troch de lânbou of klimaatferoarings.
Neffens de partij soe it mooglik wêze om de kosten te ferheljen op de konsumint. Dy soe dan tusken de 20 en 60 sint de liter mear betelje moatte.