Sineeske delegaasje bringt besite oan Hearrenfean

24 feb 2016 - 16:28

In delegaasje Sinezen bringt woansdei in offisjele besite oan de gemeente Hearrenfean. It giet om de boargemaster en inkelde ynvestearders út de Sineeske gemeente Hefei, dy't sa'n acht miljoen ynwenners hat. De gemeenten wolle de ekonomyske bannen oanlûke troch in stêdebân.

Twa jier lyn wie in delegaasje út Hearrenfean al nei Sina reizge mei itselde doel. De mearwearde fan it kontakt tusken de gemeenten is by de besite nochris útsprutsen en befêstige mei hantekens. De delegaasje bringt ek in tal besites oan ynvestearringsprojekten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)