Nyck de Vries syn ideaal fan Formule 1 komt wer tichteby

24 feb 2016 - 15:35

Autokoereur Nyck de Vries fan Twellingea sil dit jier foar it Frânske raceteam ART ride yn de Grand Prix 3. Dat is woansdei offisjeel bekend makke troch it wrâldferneamde raceteam fan McLaren, dy't de Fryske koereur tariedt op in karriêre as topkoereur yn de Formule 1.

Nei't De Vries it ôfrûne seizoen yn de saneamde Formule 3.5 ried, is dat ideaal fan Formule 1 hjirmei wer in stapke tichterby kaam. Njonken Max Verstappen wurdt De Vries troch alle sportkenners sjoen as it racetalint fan Nederlân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)