Partij voor de Dieren wol de REC fuortendaliks stillizze

24 feb 2016 - 14:10

De steatefraksje fan de Partij voor de Dieren wol dat de ôffaloven yn Harns tydlik stillein wurdt. De fraksje hat woansdei in moasje mei dat boadskip yntsjinne yn de gearkomste fan provinsjale steaten. Dêr wurdt praten oer de mooglikheden om de útstjit fan skealike stoffen út de REC te ferbetterjen, mar dat duorret de fraksje te lang.

Neffens de PvdD is it dúdlik dat de stoffen skealik binne foar de sûnens fan omwenners. Finansjele belangen meie fan de Partij voor de Dieren net boppe de sûnens fan de ynwenners gean.

Oant der mear wissichheid is oer de útstjit, moat de REC dêrom ticht. De steaten prate yn de rin fan woansdeitemiddei oer de ôffaloven. Dan komt ek de moasje oan de oarder.

Trefwurden: 
REC Partij voor de Dieren
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)