Plysje pakt mei help fan Burgernet dieven yn Harns

24 feb 2016 - 13:59
  • plysje

De plysje yn Harns hat woansdei mei help fan dielnimmers oan Burgernet trije winkeldieven oanhâlden. It trio hie guod stellen by de Scapino yn de stêd. Fia Burgernet waard it sinjalemint fan de trije dieven ferspraat. Efkes letter koe de plysje it trio oanhâlde. Se sitte fêst foar fierder ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)