Skilderijen fan Alma Tadema werom yn restaurearre listen

24 feb 2016 - 13:55

Trije skilderijen fan de ferneamde Fryske skilder Alma Tadema binne woansdei wer yn de restaurearre listen setten. De skilderijen fan dizze 19e iuwske skilder hingje oer de hiele wrâld.

Yn oktober komt der yn it Fries Museum in grutte tentoanstelling mei dy skilderijen, oanfold mei dy út de eigen kolleksje. Trije fan dy skilderijen hawwe no wer prachtige listen krigen. Woansdei waarden de skilderijen wer yn de listen dien, sadat se wer ophongen wurde kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)