Hierders Elkien ûntefredener

24 apr 2012 - 12:14

Hierders fan Elkien binne min te sprekken oer de serviceferliening fan 'e wenningkorporaasje. Dat docht bliken út ûndersyk fan hierdersplatfoarm Nieuw Elan. It rapportsifer is fan in 7,1 yn 2010 nei in 6,8 gien. De hierders binne minder tefreden oer de tillefoanyske berikberheid en de privacy by de baly. De ôfdieling reparaasjefersiken krijt in 7,3.

Elkien is dwaande om it Klant Contact Centrum te ferbetterjen. Elkien hat betinkings by it ûndersyk, omdat der mar 14 minsken oan meidien hawwe. Elkien hat 9.000 hierders yn Ljouwert.

Elkien is dwaande mei it tarieden fan in eigen ûndersyk ûnder in folle gruttere groep hierders.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)