Provinsje ûndersiket mear farianten fan kanaal nei Drachten

24 feb 2016 - 13:22

De provinsje ûndersiket mear opsjes foar in bettere farwei tusken it Prinses Margrietkanaal en Drachten. De koälysjepartijen CDA, FNP en VVD, mar ek opposysjepartij PvdA wol dat. Der binne trije alternativen: de besteande rûte troch de Alde Feanen ferdjipje, in rûte by de Wâldwei lâns of in rûte direkt fan Grou nei Drachten.

De provinsje wol ek provinsjebreed ûndersykje welke ûntwikkeling fan farwegen en bedriuweterreinen oan it wetter de measte wurkgelegenheid opsmyt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)