Keapjûn giet yn Harns fan tongersdei nei freed

Harns ferset syn keapjûn fan de tongersdei nei de freed. De feroaring giet op 1 april yn. Reden foar de feroaring is dat de keapjûn op tongersdei net folle winkeljend publyk lûkt. De Harnzer ûndernimmers hoopje dat der op freed mear minsken nei de winkelstrjitten komme, omdat it it begjin fan it wykein is.