"Mear skriezen? Dan ek mear provinsjaal jild"

"De provinsjale ambysje om it tal skriezen de kommende jierren flink groeie te litten is net helber sûnder ekstra provinsjaal jild". Dat seit ûndersiker Ernst Oosterveld fan Altenburg en Wymenga.
De provinsje giet út fan yn totaal 10.000 briedpearkes yn 2020, mar neffens berekkenings fan Oosterveld kinne it der net mear wêze as 4500. It tal bunder grûn mei agrarysk greidefûgelbehear soe flink omheech moatte, mar de provinsje hat dêr foarearst gjin jild foar.
Neffens deputearre Johannes Kramer hat de provinsje bewust keazen foar in hege ambysje. Der wurdt noch mar krekt wurke mei in nij systeem foar agrarysk greidefûgelbehear, dêrby wurde mear maatregels naam op in lytser stik grûn. De hope is dat dat ek mear briedpearkers opsmyt.