"Der moatte sertifikaten foar heechwurkersjauffeurs komme"

24 feb 2016 - 12:08

It Fryske bedriuw ATO fynt dat der dúdliker regeljouwing komme moat foar it bestjoeren fan heechwurkers. ''By wet is der net folle ferplichte. Wol stiet der yn de ARBO-wet dat men in spesifike saakkundichheid hawwe moat, mar hokker dat is, dat is net dúdlik'', sa seit Folkertsma fan ATO. Syn bedriuw fersoarget bedriuwstrainingen foar it bestjoeren fan grutte masines.

Folkertsma fynt dat der ien sertifikaat komme moat dat bepalend is foar alle sjauffeurs. "It is no noch in griis gebiet as it giet om diploma's en sertifikaten".

Brânsjferiening komt yn aksje

Brânsjferiening IPAF foar ferhierders en bestjoerders fan heechwurkers makke woansdei ek al bekend dat de oerheid hast gjin easken stelt oan de sjauffeurs dy't in heechwurker bestjoere. De feriening komt no yn aksje troch it ûngelok fan tiisdei yn Dalfsen dêr't in Arrivatrein op in oerstekkende heechwurker botste. 

Sertifikaat net ferplichte

Neffens heechwurkerynstrukteur Johan Folkertsma  fan ATO binne der wol sertifikaten dy't men helje kin, mar it is noch net by alle bedriuwen en ynstânsjes ferplichte om dizze te hawwen. By ATO kin men yn ien dei sa'n sertifikaat helje, ynklusyf de teorytoets.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)