Alies de Vries beneamd ta nij riedslid yn Dantumadiel

24 feb 2016 - 11:44

Alies de Vries-Kooistra is tiisdeitejûn beneamd ta riedslid fan de ChristenUnie yn de gemeenteried Dantumadiel. Se folget Nico Zwart op dy't ophâlde moast fanwege syn ferhuzing nei in oare gemeente. Zwart wie sûnt 2014 riedslid.

De 34-jierrige Alies de Vries stiet sûnt 2014 op de kieslist fan de partij. Se wennet yn Damwâld en hat langere tiid wurke as assistint-akkountant.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)