Kollum: "Radio"

Eelke Lok fan De Gaastmar wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op televyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is. Al syn kollums binne te finen op syn side Eelke’s Weblok. 
“We schakelen weer over naar Dalfsen”, seit de presintatrise. Mar dan leit se earst wol efkes út dat dêr in heechwurker, in kraanwein dus, de rails oerstuts en dat dêr in trein tsjinoan botst is. Dat der wierskynlik ien deade is, dat de boargemaster earst twa sei, dat net dúdlik is wêrom't dy dat sei, mar dat dy boargemaster aanst oer in kertier in parsekonferinsje jout (ik tink dan dat we dêr wol efkes op wachtsje kinne). Fierder lei de trein yn de greide en der bin in soad minsken út de trein krûpt. En dan pas oer nei de ferslachjouwer. Oerjaan nei in ferslachjouwer, dat móat mei in fraach, dat mei beslist net oars. Ien ferslachjouwer fan radio1 seit steefêst op sa’n fraach: nou, dat kan ik hier wel even vragen en begjint dan fuort it ynterview. Dy bliuwt net lang, do moatst sels anderje op de fraach. Want de ferslachjouwer moat earst oardiele en mei dan pas freegje oft it wol kloppet.
De fraach fan de presintatrise is foar it oare ek steefêst: “Hoe is de situatie daar nu”. Ja en dan stiet de ferslachjouwer mei de kloaten foar it blok. Hy kin net neat sizze. Ja, guon dogge dat somtiden wol, as alles al ferteld is yn de studio. Dy dogge dan krekt as dat de ferbining ynienen fuortfallen is. Ferbazingwekkend hoefolle ferbinings tsjintwurdich ynienen útfalle op ’e radio. Se meitsje tsjintwurdich hiele yngewikkelde ynternetferbinings, mei safolle fertraging dat de ferslachjouwer in heale minút nei de fraach “hoe is de situatie daar nu” pas antwurd jout. En dus jeuzelje se trochinoar hinne. Dan falt yn de midden steefêst dy ferbining dus ek noch fuort, dan moat de presintator gearfetsje wat de ferslachjouwer oant no ta sein hie, en dan komt nei wat gejeuzel (“hebben we al weer verbinding, nee, ja, ja, nee, ja we kunnen weer”) de ferslachjouwer op syn mobile tillefoan werom en dan kinne wy him nochal wat better ferstean as by dy ynternetferbining, en der sit gâns minder fertraging op.
Ik praat foar it oare no ek troch in ynternetferbining, en as Jacob “moarn Eelke” seit dan duorret it efkes foardat ik antwurd jou. Mar Jacob bliuwt fierder stil dus wy lulle net trochinoar hinne.
De ferslachjouwer yn Dalfsen of wêr dan ek yn de wrâld, want wy folgje bygelyks de Amerikaanske presidintsferkiezings yngrevener as de measte Amerikanen sels, dy ferslachjouwer is in earlike jonge en hy ferbrekt de ferbining net. Hy seit dus wat. Mar as hy al wat seit, wat moat hy sizze. Der is nammentlik hielendal gjin nijs, want in kertierke lyn frege in oare presintator ek al hoe’t de situaasje der no wie. En doe hie de ferslachjouwer ek al neat te fertellen hân. It slimste bart der as de presintator nei de rûnom kamera’s sjocht en ynienen seit “maar ik heb dit en dat gezien”.
Dat dogge se tsjintwurdich by Langs de Lijn ek, der sjocht de presintator wol hûndert kear oft it wol of net hands wie en konfrontearret de ferslachjouwer dêrmei, en dy hat inkel yn in flits sjen moatten wat de skiedsrjochter ek net opfallen is. Dy diskusjes dy’t dan yn de útstjoerings folgje binne net foar ús, de harkers. Mar dy krij we wol oer ús hinne, wylst we hielendal net mear witte wêr’t de bal hinne skopt wurdt. In radioferslachjouwer mei net mear in folwoeksen ferteller fan in treinûngemak, in polityke sitewaasje of in tsunami oant en mei fuotbalwedstriid wêze. It byld ûntstiet by de harker fan in radiopresintator dy’t de ferslachjouwer by it hantsje nimt en dy mei inkel noch freonlik meiblaffe mei de presintator, dy’t foar it oare sels hielendal net mear nei de ferslachjouwer harket, mar dan al op syk is nei de folgjende fraach dy’t se fan in stazjêre trochkrijt op de koptillefoan. Ja, dan sette wy dus dy berneboarters radio út, want je bin ek beu dat se elke fiif minuten sizze dat we aanst wer nei Dalfsen geane, want dêr is in treinûngemak bard dêr't ien by om it libben kaam is, en in soad ferwûnen, en aanst sil ús ferslachjouwer jim ek op de hichte hâlde fan wat der bard is dêr en dan kin hy ek moai fertelle hoe’t de sitewaasje no is."