Noppert Beton is sûn

It bedriuw Noppert Beton út Burgum hat alle relaasjes in brief stjoerd, dêr't yn útlein wurdt dat it bedriuw neat te krijen hat mei de fallisemintsoanfraach fan boumaatskippij Noppert fan It Hearrenfean. Noppert Beton docht dat omdat in soad klanten yn betizing wiene. Se tochten dat Noppert Beton ek ûnderdiel fan dit fallisemint wêze soe en dat is net sa.
De direksje fan Noppert Beton skriuwt yn it brief dat it in finansjeel sûn en stabyl bedriuw is. Nettjinsteande de drege perioade yn de bou en de dikebou hat it bedriuw folop wurk.