Twa ûngelokken op N381

24 apr 2012 - 10:18

Op de N381 hawwe moandei twa ûngelokken west. In man (57) út Easterwâlde botste moandeitejûn op de auto fan in Burgumer (43). De bestjoerder sloech by Easterwâlde-Noard linksôf en stuts de dyk oer. Dêrby joech er gjin foarrang oan de Burgumer. Beide bestjoerders rekken ferwûne en binne nei it sikehûs brocht.

Moandeitemiddei wie der in oanriding by Donkerbroek. In frachtweinsjauffeur (23) út it Drintske Norg bedarre yn de berm mei de oanhinger dwers op de dyk. De oanhinger rekke de auto fan in frou (59) út Easterwâlde.

Har auto rekke swier skansearre. Beide bestjoerders kamen mei de skrik frij.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)