Beslach op sân auto's op A7

24 apr 2012 - 09:56

By in kontrôle fan de plysje en de belestingtsjinst moandei op de A7 by De Jouwer, binne sân auto's yn beslach naam. Goed 5100 auto's passearden de kontrôle. 28 bestjoerders hiene noch in skuld by de belesting fan mei-inoar hast 4 ton. Sân auto's waarden fuort sleept, op 18 auto's is beslach lein. De eigeners mochten har auto hâlde, mar moatte wol har belestingskuld betelje.

De plysje hat seis boetes útskreaun foar ûnder oare glêde bannen en it ûntbrekken fan de APK.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)