Aldehaske:20 hynders brekke út

24 apr 2012 - 09:46

Sa'n 20 hynders binne moandeitejûn útbrutsen út in stâl oan de Jousterwei yn Aldehaske. De hynders draafden fuort. In sjauffeur fan Connexxion sette syn bus dwers op 'e dyk om de bisten tsjin te hâlden. Se draaiden om en draafden werom rjochting de stâl.

Dêr stie de warskôge eigener de hynders op te wachtsjen. Mei de help fan buertbewenners en plysjes wist er syn bisten wer yn de stâl te krijen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)