Kuipers net mear yn Oranje

Kuorballer André Kuipers hâldt op mei it spyljen yn it Nederlânsk team. De 30-jierrige topkuorballer kiest foar syn maatskiplike karriêre. Kuipers, berne yn Ljouwert, begûn te kuorbaljen by CSL yn Britsum. Dêrnei gong er nei DOS'46 yn Nijeveen. Mei dy ploech waard er trije kear sealkampioen fan Nederlân. Mei Koog Zaandijk, syn feriening dit seizoen, waard Kuipers ôfrûne sneontejûn opnij sealkampioen fan Nederlân. Mei it Nederlânsk team waard er twa kear wrâldkampioen en ien kear Europeesk kampioen. Kuipers hat 50 ynterlâns achter syn namme.