Kaldi wint Barista058

Fanja van der Stok fan kofjesaak Kaldi is winner wurden fan de Barista058-wedstriid. Neffens de sjuery makke sy de bêste kofje fan Ljouwert. Oan de wedstriid dienen njoggen saneamde barista's mei, dy't elk harren bêste espresso, cappuccino en kofjedrank nei eigen keuze presintearje moasten.
Twadde waard Marrit Hospes fan Bagels & Beans, tredde Jimmy van Rijn fan Doppio. Takom jier wurdt yn Ljouwert wer sa'n Barista- espressowedstriid hâlden..