Jong Hearrenfean ferrast PSV

Foarsitter Johan van Tuinen fan sakeklup OSSH op de nijjiersresepsje © Martin de Jong
Jong Hearrenfean/Emmen hat de útwedstriid tsjin Jong PSV mei 4-0 wûn. Op De Herdgang yn Eindhoven wie de ploech fan trainer Jan de Jonge skerp. It ferskil waard al yn de earste helte makke troch goals fan Tobias Kainz (9e minút), útblinker Rajiv van La Parra (32e) en Quenten Martinus (41e). Yn de twadde helte bleau de PSV-stoarm út en koe Martinus foar de 4-0 einstân soargje. Jong Hearrenfean/Emmen is no sechsde mei 39 punten út 24 wedstriden. Jong FC Twente, 2-1 winst tsjin Jong Grins, is twa wedstriden foar de ein kampioen.
Jong FC Twente hat 52 punten. Dan folgje Jong Ajax mei 45 punten, Jong AZ mei 44 punten, Jong PSV mei 41 punten, Jong Heracles mei 40 punten en Jong Hearrenfean/Emmen mei 39 punten.