Wenningkorporaasje Elkien knapt goed 6000 huzen op

24 feb 2016 - 07:31

Wenningkorporaasje Elkien pakt de kommende fiif jier goed 6000 sosjale hierwenten oan. It giet om wenningen yn de hiele provinsje. Neist de bûtenkant wurde ek de keukens, badkeamers en wc's oanpakt. Bou-ûndernimming Van Wijnen sil der fan woansdei ôf mei oan de slach.

Uteinlik wol Elkien al syn wenten - sa'n 20.000 - duorsum meitsje. Dêrfoar nimme se oant 2030 de tiid foar. Doel is dat de wenningen enerzjysuniger wurde, mar dat dy ek geskikt wurde foar âlderen en minsken mei in beheining, sadat dy der salang mooglik wenjen bliuwe kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)