Heijmans siket mei provinsje nei oplossing akwaduktproblemen

23 feb 2016 - 19:56

De bou fan it nije akwadukt oan de súdkant fan Ljouwert rint oars as ferwachte. Dat seit boubedriuw Heijmans yn in skriftlike reaksje op de nije problemen. Tiisdei waard bekend dat de bou nochris fjouwer moannen fertraging oprint troch ferkeard pleatste peallen. Der moatte no oan de noardkant fan it nije akwadukt nochris nije peallen slein wurde. Dat soarget net allinnich foar fertraging mar ek foar oerlêst foar de omwenners.

 "Het is vervelend voor de betrokken partijen en omwonenden dat we hiermee te maken hebben", skriuwt Heijmans.

Der wurdt no tegearre mei de provinsje besjoen wat de bêste oplossing is. Neffens Heijmans binne de eardere problemen mei de fersakking fan de Drachtsterbrêge no wol foarby. Dy begûn in pear moanne lyn te fersakjen trochdat it sân ûnder de brêge fuortspielde. Neffens Heijmans hat dat yn it begjin efkes foar fersakking soarge, mar is dat no oer. De brêge kin dan ek wer brûkt wurde. Wol wurdt de situaasje goed yn de gaten hâlden.

Oft de fertraging en it ekstra wurk foar in soad ekstra kosten soargje sil foar Heijmans, is net bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)