Krokusfakânsje goed foar toerisme op Waadeilannen

23 feb 2016 - 18:19

De Waadeilannen hawwe in goede krokusfakânsje. Dizze wike binne de regio's Midden en Súd fan Nederlân al frij en ek komme der in soad gasten út Dútslân. Nije wike krijt it Noarden fakânsje en dan wurdt it noch drokker op de eilannen.

Dochs binne lang net alle akkommodaasjes fol, sa seit Cinto Prosperi, VVV-direkteur fan It Amelân: "We zullen in deze periode zo'n 8 à 9000 gasten krijgen en in de zomermaanden hebben we er 22.000, dus we hebben altijd nog wel wat over."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)