Arriva-direkteur Hettinga oandien troch treinûngelok Dalfsen

23 feb 2016 - 16:47
  • Treinûngelok by Dalfsen

Arriva-direkteur Anne Hettinga fan Snits is bot skrokken fan it deadlike ûngelok tiisdeitemoarn yn Dalfsen. Dat seit er op de webside fan it fakblêd OVPro. In trein fan Arriva botste tsjin in hyskraan en kaam neist de rails telâne. De 49-jierrige masinist fan de trein kaam dêrby om it libben en in froulike passazjier (54) en in kondukteur (53) rekken ferwûne.

Hettinga lit witte dat er bot rekke is troch it ûngelok. "Ik fiel my ferantwurdlik foar elkenien dy't by Arriva wurket", sa seit Hettinga.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)