Gemeente Skiermûntseach is posityf oer komst kleaster

23 feb 2016 - 16:23
  • Mûntsen op Skiermûntseach

De gemeente Skiermûntseach is posityf oer de bou fan in nij kleaster oan de Westerburenweg op it eilân. Neffens it gemeentebestjoer past it lytsskalige gebou goed yn de omjouwing. It kleaster is foar in groep mûntsen dy't it konvint yn Diepenveen ferlitten hat, om har te fêstigjen op Skiermûntseach. 

Op dit stuit wenje de mûntsen noch yn in wenhûs op it eilân. Neist it kolleezje fan b. en w. moat ek de gemeenteried noch te set oer de bou. Boppedat sil de bewenners fan it eilân noch frege wurde nei harren miening.

It giet dan benammen oer hoe't it kleaster der út komt te sjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)