Bou akwadukt Drachtsterwei rint opnij fertraging op

23 feb 2016 - 16:00

Opnij moannen fertraging by de bou fan it nije akwadukt yn de Drachtsterwei yn Ljouwert. Technyske problemen soargje derfoar dat it akwadukt fjouwer moannen letter iepene wurdt as earst tocht. De provinsje Fryslân wol no dat oannimmer Heijmans gau mei oplossingen komt foar alle bouproblemen.

De fertraging wurdt benammen feroarsake troch skea oan in part fan de fundearringspeallen yn de dyk oan de noardkant fan it akwadukt. Heijmans sil nije peallen slaan, mar hjirtroch kin it akwadukt net earder iepen as ein dit jier.

Juridyske stappen

Ek de problemen mei de Drachtsterbrêge binne noch net ferholpen. Yn jannewaris die bliken dat de brêge fersakke by it leechpompen fan de akwaduktbak. De oannimmer hat neffens de provinsje noch gjin dúdlikens jûn oer de gefolgen hjirfan. It ûndersyk dêrnei rint noch, mar it geduld fan de provinsje is hast op. 

De partijen binne noch yn petear oer guon boumetoaden dy't Heijmans brûkt. Mocht hjir neat útkomme, dan wurde juridyske stappen net útsletten. De omwenners wurde woansdeitejûn yn in ynformaasjegearkomste bypraat oer de stân fan saken. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)