Friezinne op Fiji: Ik woe sa gau mooglik fuort

23 feb 2016 - 13:07

It wie efkes skrikke ôfrûne wykein foar Yke Koopmans fan Weidum. De eilannegroep Fiji, dêr't sy op fakânsje wie, waard swier troffen troch in swiere sykloan. Der binne tweintich deaden fallen en de skea is enoarm.

Mei Koopmans giet it goed. Sy seit no pas te beseffen hoe slim it eins west hat. It gebiet dêr't de Friezinne op it momint fan de stoarm wie, is reedlik toeristysk en relatyf feilich fanwegen de solide bou fan de huzen en hotels. Dochs hat sy wol in soad meikrigen fan de ravaazje dy't de sykloan feroarsake.

Koopmans: "It is ien grutte gaos. Der wie dagen gjin elektrisiteit." De Friezinne woe dan ek sa gau mooglik fan it eilân ôf.

Needtastân

Yn it lân is de needtastân ôfkundige. Mar leafst 900.000 ynwenners hawwe gjin dak mear boppe de holle en der is ek net genôch drinkwetter foar elkenien. Boppedat binne alle skoallen ticht en is oant moandeitemoarn takom wike de jûnsklok fan krêft. 

Koopmans is bliid dat der tiisdei wol wer fleanferkear mooglik wie en dat sy dan ek gewoan werom nei Australië reizgje koe. Dêr besiket se noch wat fan har fakânsje te meitsjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)