Underkuolle drinkeling út it wetter helle by Lauwerseach

23 feb 2016 - 11:53

De kustwacht is tiisdeitemoarn yn aksje kaam foar in syljacht dat by Lauwerseach yn de problemen rekke wie. De mêst wie brutsen en de boat wie kantele. De opfarrende is ûnderkuolle út it wetter helle en dêrnei troch in SAR-helikopter nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
KNRM ûnderkuolling
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)