Welle foardroegen as nije VVD-wethâlder Eaststellingwerf
De VVD yn Eaststellingwerf hat Hans Welle út Appelskea foardroegen as nije wethâlder foar ûnder oare rekreaasje, toerisme, ferkear, miljeu en lânbou. Welle moat de opfolger wurde fan Sietse Derks. Dy hâldt mei yngong fan 1 maart op om de oerstap nei it bedriuwslibben te meitsjen.
Derks folge ferline jier Jan Henk Veenhouwer op, dy't him rjochtsje woe op syn nije bedriuw. Welle folge Derks ferline jier op as riedslid. Derfoar wie er fan 1996 ôf aktyf binnen de VVD-fraksje.