Kollum: "As in hoanne must"

23 feb 2016 - 08:48
  • De Toan fan Willem Schoorstra

Willem Schoorstra (1959) is skriuwer en komt fan Ternaard. Yn it ferline publisearre hy in oantal (Frysktalige) romans wêrûnder 'De Ofrekken', 'Swarte Ingels' en 'Redbad'. Syn lêste wurk is in boek oer Grutte Pier. Willem skriuwt maatskippijkritysk, mei faak in humoristyske ûndertoan en is te folgjen op Facebook.

"Grut feest, foarige wike by de lânsearring fan it Frysk yn Google Translate. Syb hat songen op it provinsjehûs, dêr wie taart en safolle sjampanje, dat op it lêst ien fan de deputearren yn de plantebak siet te pisjen, en in oarenien yn it Bokwerdersk en mei in wite ûnderbroek op de holle Ultsje Hosper fan de FNP stie nei te dwaan. Mei oare wurden: het was een bovenslag, en ze hebben hun zakken eruit gescheurd.

Afijn, it is ek in mylpeal, fansels. Dus wat docht men as soks beskikber is? Krekt, teste. It earste dat yn my opkaam wie in gjalp dy’t ûndertusken krekt sa Nederlânsk is as mûnen, klompen en tulpebollen. Nammentlik: ‘Daar moet een piemel in.’ Yn it begjin waard it brûkt as in blyk fan wurdearring foar beskate fysike kwaliteiten fan in frou. It hie, yn al syn direktens, in soarte fan positive lading. Sûnt ein foarich jier is dat feroare. Doe waard it foar it earst brûkt om minsken ta te sjongen dy’t in oare miening hiene as dy fan jo. Dêrmei krige it in negative lading. Wilens is it sa’n ûnderdiel wurden fan it deistich taalgebrûk, dat men it oeral by tapasse kin, kin neat skele by wat.

It deuntsje dêr’t it op songen wurdt, hat oars in lange en rike tradysje. It krige as Ta-ra-ra-Boom-de-ay syn grutte bekendheid yn Tuxedo, in revu út 1891. Noch bekender waard it doe’t Lottie Collins it yn de Londonske music halls song, yn 1892. Sa kaam it stadichoan dizze kant út. De Feestneuzen namen it yn harren repertoire op as Tarara Boemdié, fuotbalsupporters brûkten it foar ‘Hij is een hondelul’ en Vader Abraham brûkte it op syn beurt foar it legindaryske wurkje Het derde been van Vandersteen. ‘Ja, ik ben Vandersteen/ik heb een derde been/ik was met twee al blij/toen kwam er nog één bij.’ Sokke poëzy wurdt hjoed-de-dei net mear skreaun. It aardige is dat mei dy lêste foarbylden it gegeven werom is dêr’t it eins begûn: yn in bordeel yn St. Louis, dêr’t it songen waard troch ien dy’t Mama Lou hjitte.

Nijsgjirrich tikte ik dus ‘Daar moet een piemel in’ yn it balkje fan Google Translate. It folgjende kaam derút: ‘As in hoanne must’. Ik ha it wol trije kear lêzen, en doe koe ik der noch neat fan meitsje. Myn earste reaksje wie: it hat neat om ’e hakken, alle oeren dy’t dêr troch frijwilligers yn stutsen binne, ha om ’e nocht west. Hielendal doe’t der mear foarbylden kamen dy’t echt as in, no ja, in pimel op in drumstel sloegen. Mar doe’t ik oer de teloarstelling hinne wie, begûn it my te daagjen.

Dat wat ik seach wie de takomst fan it Frysk. Taal is in libben ding, en feroaret oanienwei. En sa’t it Frysk no út Google translate foar it ljocht komt, is it gewoan ‘slang’, taal fan de strjitte, en alderûnhuerichste hip. As men derby hearre wol, moat men tenei Frysk prate. Dêrmei is it translateprojekt in segen, in blessing in disguise. Dat, bêste minsken, brûk it nije Frysk altyd en oeral. En as der guon binne dy’t dêr in probleem mei ha, sjonge jim gewoan: ‘Ja, as in hoanne must, ja, as in hoanne must!’"

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)