TLC stjoert dokumintêre oer syktocht Sander Metz út

22 feb 2016 - 22:48
  • Sander Metz

De ynternasjonale stjoerder TLC stjoert op yn juny in dokumintêre út mei dêryn Sander Metz fan Itens. It giet om de searje 'Seperated at birth'. De programmamakkers folgje fyftjin minsken yn harren syktocht nei biologyske famylje. Metz is adoptearre út Yndonezië wei. Hy siket al jierren nei syn biologyske famylje.

TLC stjoert de searje earst yn Ingelân út. Yn maaie is de Nederlânske premjêre. De ôfleveringen mei Metz binne mids juny by de Nederlânske TLC te sjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)