Jong Cambuur wint thús fan Willem II

22 feb 2016 - 21:06

Jong SC Cambuur hat moandeitejûn mei 4-1 wûn fan Jong Willem II. De Tilburgers kamen yn Ljouwert noch wol op foarsprong troch in goal fan Adam Nemec, mar flak dêrnei makke Daniël van Warven de lykmakker. Op slach fan rêst skoarde Rowdy van Putten de 2-1 út in penalty. Nei it skoft rûn Jong Cambuur noch fierder út troch doelpunten fan Noureddine Boutzamar en Nygel Velder.

De Ljouwerters moasten ek winne om noch kâns te meitsjen op in plak yn de finalepûl. Dêrneist moast Jong Heracles ferlieze, mar dat diene de Almeloërs net.

De Almeloërs spilen mei 3-3 lyk tsjin Jong SC Hearrenfean. Dat betsjut dat Jong SC Cambuur net mear meidocht oan it kampioenskip yn de beloftekompetysje.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)