Jong Hearrenfean dielt de punten mei Jong Heracles

Trainer Johnny Jansen © awfoto.nl
Jong Hearrenfean hat yn de lêste wedstriid fan de reguliere kompetysje mei 3-3 lyk spile by Jong Heracles Almelo. Rannick Schoop sette de Feansters yn de twadde minút op foarsprong, Paul Gladon makke twa minuten letter de 1-1. Fuort dêrnei hie Younes Namli súkses foar de ploech fan Johnny Jansen. Opnij Gladon soarge foar de 2-2 by it skoft.
Nei in goed oere makke Tarik Kada, trije wike lyn fan It Fean transferearre nei Almelo, de moaie 3-2. Kenneth Otigba soarge foar de einstân.
Jong Hearrenfean begjint op 7 maart yn de kampioenspûl mei Jong Feyenoord, Jong ADO Den Haag en Jong Heracles Almelo.