Direkteur Omrin stapt net op fanwegen ûnrêst oer REC

22 feb 2016 - 21:10
  • Fol Trebol foar ekstra riedsgearkomste oer ôffaloven REC yn Harns
  • Tekst en útlis op ekstra riedsgearkomste oer ôffaloven
  • Ekstra riedsgearkomste yn Harns yn Trebol oer dioksine-útstjit ôffaloven

De direkteur fan ôffalferwurker Omrin, John Vernooij, is net fan plan om op te stappen fanwegen de ûnrêst oer de reststoffe-enerzjysintrale yn Harns. Vernooij waard moandeitejûn op in bysûndere riedsgearkomste tige kritysk benadere oer de oanpak en de kommunikaasje oer de steuring yn de sintrale yn oktober ferline jier. 

Harlinger Belang, ien fan de koälysjepartijen yn Harns wol sels dat Vernooij opstapt. Vernooij is dat net fan plan, mar de krityk lit him net kâld.

Op de ekstra riedsgearkomste oer de ôffaloven yn Harns wiene moandeitejûn in soad belangstellenden ôfkaam. Oanlieding is de hegere dioksine-útstjit fan begjin oktober. Doe wie der in steuring.

Harlinger Belang, PvdA en CDA hawwe de ekstra gearkomste yn Trebol organisearre. Fertsjintwurdigers fan ûnder oare de provinsje, de FUMO, de GGD, Omrin en de begeliedingskommisje wiene oanwêzich om fragen fan riedsleden te beäntwurdzjen. Minsken mochten ek ynsprekke. Sa frege de Stichting Afvaloven Nee om it opstappen fan de direksje fan Omrin. 

Akelich

In ynwenster fan Harns fertelde dat se har begjin oktober akelich fielde doe't se oer de seedyk rûn. Letter hearde se dat der in steuring west hie.

Sâltsoer

De riedsleden stelden ek in soad fragen. Sa woenen se witte oft der permanint gefaar foar de folkssûnens is. Dat is neffens Omrin net it gefal. Wol is der kâns op klachten as gefolch fan it sâltsoer fan de REC.

"Tydlik stillizze kin net"

Omrindirekteur John Vernooij sei dat er hiel graach it fertrouwen werombringe wol. Mar as de riedsleden freegje oft Omrin de keale mjitgegevens frijjaan wol, wegeret Vernooij dat, om't dêr noch in rjochtsaak oer rint.

In tydlike stillizzing is ek gjin opsje, seit de Omrindirekteur op fragen dêroer, want dat kostet in soad jild. Net allinnich hat Omrin in ferplichting om it ôffal oan te nimmen fan gemeenten, se moatte ek stoom leverje oan it njonkenlizzende sâltfabryk. Dy stoom wurdt opwekt troch de ferbaarning fan ôffal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)