Rianne Martens wint fotowedstriid tydskrift Centrale As

22 feb 2016 - 19:38
  • Rianne (hielendal rjochts) mei de oare priiswinners

Rianne Martens dy´t op ROC Friese Poort Drachten sit, hat de fotowedstriid fan it tydskrift Centrale As wûn. Wethâlder Marja Krans fan Smellingerlân makke de winners moandei bekend. Martens krige in sjek fan 400 euro.

De opdracht wie in folksferhaal út Noardeast-Fryslân te fotografearjen. Martens hat it ferhaal fan in Drachtster skipper op de foto set. Mei datselde ferhaal wûn Marieke de Jong de twadde priis. De tredde priis wie foar Jacqueline Schaaf.

De winnende foto's komme te stean yn it temanûmer fotografy fan it tydskrift Centrale As.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)