Gemeente Ljouwert makket flater mei spesifikaasjes útkearing

22 feb 2016 - 19:17

De gemeente Ljouwert hat spesifikaasjes fan útkearings nei de ferkearde persoanen stjoerd. Sûnt desimber kinne minsken dy't rjocht hawwe op in útkearring it oersjoch dêrfan op Mijn Overheid ynsjen. Troch in flater hawwe minsken de spesikaasje fan in oarenien krige.

Hoe't de flater barre koe en hoefolle minsken oft de ferkearde krigen hawwe, wit de gemeente noch net. De flater hat gjin gefolgen foar de útbetelling fan de útkearing. De gemeente ûndersiket de saak.

Wethâlder Harry van der Molen ferwachtet op koarte termyn mear dúdlikens oer de oarsaak fan de flater. Mar, seit er, salang't net bekend is wêr't de flater makke is, brûkt de gemeente Ljouwert de webside Mijn Overheid net mear foar it ferstjoeren fan gefoelige ynformaasje.

Trefwurden: 
gemeente Ljouwert útkearing
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)