Formateur beneamt nije ried fan kommissarissen Hearrenfean

It Abe Lenstrastadion op It Hearrenfean © Omrop Fryslân
SC Hearrenfean hat definityf in nije ried fan kommissarissen. Jorrit Jorritsma, René Groen en Gerard Kremer binne offisjeel beneamd troch formateur Sjoerd Feenstra en adviseur Egbert van Hes. Jorritsma (61) wurdt de nije foarsitter fan de ried. Hy hat in melkfeehâlderij yn Boyl en ferfollet ferskate funksjes, lykas rfk fan Rabobank Hearrenfean Súdeast-Fryslân en ZuivelNL.
Kremer (57) sil it kommersjele tafersjoch dwaan. Hy is no foarsitter fan MKB-Noard en VNO-NCW Noard. Earder wie er foarsitter fan sealfuotbalklup Leekster Eagles.
René Groen (47) giet oer de fuotbalsaken. Groen hat tsien jier by SC Hearrenfean fuotballe. Hy is kontroller fan berop en siet yn it stichtingsbestjoer fan SC Hearrenfean.