Aktiesport en Perry Sport hawwe útstel fan betelling frege

22 feb 2016 - 17:31
  • Perry Sport

USG, it memmebedriuw fan sportwinkels Aktiesport en Perry Sport, hat útstel fan betelling oanfrege. Dat is de earste stap rjochting in fallisemint.

Aktiesport hat njoggentjin fêstigingen yn Fryslân, Perry Sport twa: yn Ljouwert en op It Hearrenfean. In soad winkels fan de Aktiesport sitte by Scapino yn. Dy winkel waard in skoft lyn fallyt ferklearre. Scapino hat wol in trochstart makke, mar dêr passe de Aktiesport's net mear yn. Perry Sport hie foar in part in gearwurking mei V&D, dat ferline wike fallyt gong.

De winkels fan Perry Sport bliuwe foarearst wol iepen. By it memmebedriuw USG wurkje sa'n 2500 minsken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)