MBO-skoallen meie mear Frysk oanbiede fan de minister

22 feb 2016 - 16:43

Frysk wurdt in belangryk fak op MBO-skoallen yn Fryslân. Oan de opliedings 'soarch en wolwêzen' fan ROC Friese Poort en it Friesland College kinne se kieze foar it saneamde 'keuzedeel' Frysk. Minister Bussemaker hat it fersyk fan beide skoallen foar it nije stúdzjeûnderdiel goedkard.

De fraach nei mear learlingen dy't Frysk kinne, komt by soarchynstellings wei. Fan berne-opfang oant âldereinsoarch is ferlet fan wurknimmers dy't it Frysk behearskje. Mar hieltyd minder jongeren kinne harren rêde mei it Frysk.

It 'keuzedeel' hâldt yn: 15% fan de MBO-oplieding, wat delkomt op 240 lesoeren. ROC Friese Poort en it Friesland College fiere it nije Frysk yn mei yngong fan 1 septimber. It giet no allinnich noch mar om de opliedings 'soarch en wolwêzen'. Nei alle gedachten sille oare MBO-opliedings it ûnderdiel Frysk skielik ek oanbiede.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)