CDA wol dúdlikens oer John Bos

23 apr 2012 - 12:57
  • Sportstêd Hearrenfean

It CDA op It Hearrenfean wol dúdlikens oer direkteur John Bos fan Sportstêd Hearrenfean. Ferline wike waard bekend dat Bos op non-aktyf steld is. Der soe in ferskil fan ynsjoch wêze oer de bestjoerlike koers fan sportstêd. Dy ynformaasje is de politike partij lykwols net folslein genôch.

De gemeente is foar de helte oandielhâlder fan sportstêd. Mooglik krijt Bos jild mei om't syn fuortgean net frijwillich is. It CDA wol witte hoe heech oft dat bedrach is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)