Man slein, dieder oppakt

© Omrop Fryslân
In 33-jierrige Ljouwerter is snein oanhâlden foar mishanneling. De man hie spul krigen mei in 37-jierrige Frjentsjerter. Dat wie by de wenning fan it slachtoffer oan de Ankerplek yn Frjentsjer.
De rúzje rûn sa út de hân dat de Ljouwerter de man út Frjentsjer sloech. Doe't de plysje deroan kaam, wie de Ljouwerter krekt útnaaid. Hy koe eefkes letter oppakt wurde en is oerbrocht nei it buro.