Famke falt 5 meter út beam
In famke fan 11 jier fan Flylân is sneintemiddei ferwûne rekke doe't se út in beam foel. It barde yn de bosk by de iisbaan. It famke foel sawat fiif meter nei ûnderen ta.
Ambulânsepersoniel hat it famke stabilsearre. Dêrnei is it slachtoffer mei de helikopter nei it sikehûs yn Ljouwert brocht.